Wüst ek rapste op 3 kilometer

01 nov 2014 - 16:07

Ireen Wüst pakte sneon de Nederlânske titel op 3 kilomter by de NK ôfstannen yn Thialf. Wüst ried in tiid fan 4.04.50 en liet dêrmei Jorien Voorhuis (4.06.00) efter har. It sulver wie foar Carlijn Achtereekte mei har tiid fan 4.07.13.

Yvonne Nauta fan Twellingea kaam mei har tiid fan 4.09.44 net fierder as it achtste plak. Rixt Meijer fan It Hearrenfean einige op it tsiende plak mei 4.09.92. Marrit Leenstra fan Wikel waard alfde mei 4.09.95.

It is al wer de twadde nasjonale titel foar Wüst. Freed pakte se al de winst op de 1500 meter.

It is de fyfde gouden medalje foar Ireen Wüst op de 3 kilometer by de NK ôfstannen. It is boppedat har trettjinde oerwinning by de nasjonale ôfstânskampioenskippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)