Hege temperatueren yn Fryslân

01 nov 2014 - 13:54

Yn Fryslân binne sneon ek hege temperatueren helle. Yn Bakkefean wie it om 12.00 oere hinne 18 graden, op Flylân kaam de 17,7 graden op de termometer te stean. Yn Ljouwert wie it op syn waarmst 16,9 graden, dat is in heale graad heger as de heechste temperatuer dy't dêr oait yn novimber metten waard. Lanlik sjoen is it ek de waarmste 1 novimber oait. Yn De Bilt waard it yn 1943 17,3 graden. Op syn heechst wie dat sneon 18,5 graden.

It moaie waar wie foar in soad minsken oanlieding om der noch in kear op út te gean. Yn Grou sieten de terrassen fol en der wie ek drokte yn de jachthaven. Snein wurdt it ek wer waarm, mar dan wurde letter buien ferwachte.

Trefwurden: 
rekôr waar waarmte temperatuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)