Oan de slach op Natuerwurkdei

Hûnderten frijwilligers binne sneon oan de slach yn de natuer op de lanlike Natuerwurkdei. Natuerbehearders krije op ferskate Fryske plakken help by it ûnderhâld oan 17 natuergebieten. Yn it Ketliker Skar wiene tsientallen scouts oan de slach. Se moasten beamkes omseagje yn in gebiet dat de boskwachters iepen hâlde wolle.
It doel fan de Natuerwurkdei is om minsken entûsjast te meitsjen foar wurk yn de natuer. De dei wurdt foar de fjirtjinde kear organisearre.