Rekôrtal keunstners op Amelân

01 nov 2014 - 10:45

In rekôroantal fan 100 keunstners docht dit jier mei oan de keunstmoanne op It Amelân. Dêrby is in tal keunstners fan Yslân. De keunstmoanne wurdt sneontemiddei offisjeel iepene troch de ambassadeur fan Yslân. Neffens direkteur Pieter Smit is hûndert keunstners foar de organisaasje ek it maksimum dat meidwaan kin. Om de bylden, skilderijen, objekten en foto's ferspraat oer it eilân in goed plak te jaan, moat faak in soad bepraat en regele wurde.

De keunstmoanne luts ferline jier sa'n 6.000 besikers, dat oantal wurdt ek no wer ferwachte.

Finansjeel is der dit jier minder romte, omdat de grutte haadsponsor, de NAM, it kontrakt opsein hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)