Fryske suksessen op NBK

© Omrop Fryslân
De earste dei fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn Utrecht hat trije Fryske priiswinners oplevere. Yn de tredde divyzje waard Gloria Dei fan Gerkeskleaster/Strobos freed tredde. De band einige nei konkurrinten út Appingedam en Grins. Yn de fjirde divyzje wie der in twadde priis foar Halleluja fan Menaam en in tredde foar UDI út Easternijtsjerk. In band út Eemsmond wie hjir de winner. Sneon komme de earste en twadde divyzje yn aksje.