Gjin feroarings saak-Bouma

It gerjochtshôf yn Ljouwert bliuwt by it beslút fan moandei yn in proforma-saak om de fertochte fan deaslach op Pietsje Bouma út Frjentsjer net frij te litten. Dat hat it hôf tiisdei besletten neidat it fersyk op 'e nij besjoen is. It hôf bliuwt ek by it beslút dat der gjin ekstra ûndersyk nei it bloed fan de fertochte dien wurdt dat fûn waard yn de flat fan Bouma. It fersyk fan de advokaat om ekstra tsjûgen te hearren wurdt ek net honorearre.
De fertochte út Frjentsjer waard earder troch de rjochtbank feroardiele ta tolve jier sel.