Organisaasje Odyssee is goed

It iepenbier ûnderwiis Odyssee yn Snits hat syn organisaasje goed foar elkoar kwa belied en finânsjes. Mar it aventoerlik learen moat better trochfierd wurde, de bern moatte mear ynfloed krije op it learen. Dat docht bliken út in yngreven ûndersyk by Odyssee. Dat bestiet út 11 skoallen, mei 250 man personiel en 1500 learlingen. Foar it ûndersyk is mei mear as 100 meiwurkers praat, ek oer de eangst dy't hearse soe by har.
Neffens ûndersiker Rick Steur is der gjin sprake fan in eangstkultuer, mar hearsket by guon minsken wol ûnsekerheid troch de feroarings dy't trochfierd wurde. Neffens it bestjoer fan Odyssee wurdt dêr no oan wurke.