Titel foar Sven Kramer op 5 km

Sven Kramer is opnij Nederlânsk kampioen wurden op de 5000 meter. Kramer ried op it NK ôfstannen yn Thialf op It Hearrenfean in tiid fan 6.16.60. Hy fersloech dêrmei Jorrit Bergsma fan Aldeboarn. Dy waard op de fiif kilometer twadde yn 6.18.49. Brûns wie der foar Wouter olde Heuvel. Hy klokte 6.21.47.
Douwe de Vries helle it poadium krekt net. Hy waard fjirde yn in tiid fan 6.22.42.