Halloween populêr yn Fryslân

31 okt 2014 - 16:26

It Amerikaanske feest Halloween stekt yn Fryslân hieltyd mear de kop op. Grizelich ferklaaide minsken, útholle pompoenen mei ljochtsjes, oeral sjogge je uterings fan it feest. Ek winkels sjogge in grutte groei yn de fraach nei Halloween-guod.

Yn Ljouwert is it nepbloed al útferkocht en Langwar makket him op foar in grizelfeest mei in spoeketocht freedtejûn. Sels de restaurants ha hjir spesjale menu's op de kaart stean. De oarsprong fan Halloween leit yn it Roomske Allerheiligen.

Yn kafee De Swetser yn Hearrenfean kamen freedtejûn sa'n 350 minsken op de Halloween-party ôf. Foar de moaiste out-fit wie in pryske fuortlein.

Trefwurden: 
halloween
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)