Jongeren wer lid fan fakbûn

31 okt 2014 - 16:16

Jongeren slute har wer oan by it fakbûn. It tal leden ûnder de 25 is nei jierren fan achterútgong, yn dit jier mei 6000 tanaam. Dat docht bliken út sifers fan it sintraal buro foar de statistyk. Oer de hiele liny hawwe de bûnen noch wol te krijen mei in weromrinnend tal leden. CNV bestjoerder Piet Fortuin is bliid mei de oanwaaks út de jongerein.

It CNV hat de lêste jierren bot har bêst dien om jongeren binnen te heljen. Sa binne jonge bestjoerders oannaam, binne der opliedings en workshops jûn en is gebrûk makke fan nije media.

Trefwurden: 
fakbûn CNV jongeren leden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)