100 elektryske auto's op eilân

Der ride no 100 elektryske Nissans op Skylge om © Twitter, Nissan Nederland
Toeristen en Skylgers kinne tenei mei elektryske dielauto's oer it eilân ride. It projekt fan Skylge E-auto en de provinsje is freed offisjeel fan start gien. Der ride al 40 elektryske auto's op it eilân, dat moatte der 100 wurde. It is foar it earst dat in eilân in eigen float elektryske auto's hat.
Yn de rin fan dit jier moatte der hast 40 laadpeallen op it eilân wêze. Yn de oanrin fan it projekt die bliken dat der in tekoart oan laadpeallen is.