De Ridder yn basis Cambuur

Daniël de Ridder begjint snein tsjin Willem II wer yn de basis. Hy is wer fit nei in blessuere oan it kût. Cambuur sit rom yn de spilers. Meleg, Pereira en Schet binne noch blesseard. De rest fan de seleksje is fit. Wout Droste begjint nei alle gedachten ek yn de basis. Sneon wurdt dêroer definityf beslist. Kin hy net spylje dan is Calvin Mac-Intosch syn ferfanger. Cambuur spilet yn Tilburg in belangrike wedstriid tsjin in neiste konkurrint. De Tilburgers dogge it de lêste wiken goed en hawwe mar ien punt minder as Cambuur.