Parkearprobleem Harns oplost

31 okt 2014 - 13:33

Der is in oplossing foar it parkearprobleem yn Harns. De gemeente wol it besteande grutte parkearterrein oan de Harnzerstrjitwei útwreidzje. It moat ek in ein meitsje oan de yllegale parkearterreintsjes dy't oeral yn de stêd te finen binne.

Foardat de útwreiding klear is wol de gemeente Harns it âlde fabryksterrein fan Spaansen oan de Kanaalwei brûke om auto's del te setten. De PvdA en OPA sjogge neat yn dat plan. Se tinke dat it allinnich mar ekstra ferkearsoerlêst opsmyt.

In goed alternatyf soe it parkearterrein wêze dat no ek al brûkt wurdt. Dy kontrakten rinne ôf mar soene ferlingd wurde moatte, sa fine de beide partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)