Topdrokte by gersdroegerij

It waarme waar soarget foar in rekôrdrokte by de gersdroegerij yn De Pein. Yn in goed jier wurdt gewoanwei sa'n 9000 ton gers droege. No giet it hurd nei de 10.000 ton. Der is op it stuit sels in wachtlist foar boeren. Dat is útsûnderlik foar de tiid fan it jier.
Yn in gersdroegerij wurdt it gers ynmekoar parst ta brokken en pakken hea. Dit wurdt brûkt as bistefretten en is yn dizze foarm better te bewarjen.