Himpkwekerij yn Aldeboarn

Himp © ANP
De plysje hat tongersdeitemiddei in himpkwekerij mei 280 planten oprôle yn Aldeboarn. De plysje krige in anonime tip dat der yn in bedriuwsgebou oan de Súdkant in himpkwekerij sitte soe. Doe't se by it gebou kamen hearden se in brommend lûd. By de ynfal fûnen se de planten.
Ek wie der knoeid mei de oanslutings yn de meterkast. Hjirtroch wie de kâns op brân grut. It enerzjybedriuw waard warskôge en hie de hannen fol om de meterkast wer feilich te meitsjen.
De planten, gemikaliën en groeimiddels binne yn beslach naam. De plysje docht ûndersyk nei de eigener fan it bedriuw.