Jonges mei pûdsjes drugs pakt

© ANP XTRA
In 16-jierrige jonge út Surhústerfean en in 18-jierrige Drachtster binne tongersdeitejûn yn Surhústerfean oanholden foar drugsbesit. It twatal stie by in groepke jongeren by it boarterstúntsje oan de Vossepol. By in kontrôle fan de plysje die bliken dat de beide jonges drugs by har hienen.
De Drachtster hie 25 pûdsjes mei himp yn 'e bûse. De 16-jierrige jonge hie in pûdsje by him dêr't nei alle gedachten heroïne yn siet. De jonges sitte noch fêst op it buro en wurde freed heard.