Achttjin teams yn kenniskwis

It stedhûs fan Ljouwert © ANP XTRA
Yn de riedsseal fan it Ljouwerter stedhûs sille 18 teams freedtejûn mei-inoar de striid oangean yn de Ljouwerter Histoaryske Kenniskwis. Under oare wethâlder Andries Ekhart, festivalorganisator Sjoerd Bootsma en Cambuur-man Hampie Bakker stride om de winst. De lieding is yn hannen fan kwismaster Asing Walthaus. Hy wurdt assistearre troch Jantien de Boer.
De kwis is organisearre troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert, de histoaryske feriening Aed Levwerd, de Ljouwerter Krante en Stichting De Ossekop.