Gemeente: MFS net yn Aeolus

De gemeente Frjentsjerteradiel bliuwt by it plan om in multyfunksjoneel sintrum yn Seisbierrum sels te bouwen. De doarpsbewenners wolle leaver it gebou fan Aeolus krekt bûten it doarp oankeapje. Se binne benaud foar oerlêst yn it doarp en der is midden yn it doarp te min romte foar in MFS om alles dwaan te kinnen wat it doarp wol. Dat fynt doarpsbelang.
Wethâlder Twerda wit fan de winsken fan it doarp, mar hy is noch net sa fier dat er al tinkt oer it oankeapje fan Aeolus. Tongerdei praat de gemeenteried oer de kwestje.