Jild foar staazjes yn seefeart

30 okt 2014 - 19:37

Trije jier lang komt der in kwart miljoen euro oan ryksjild beskikber om staazjes mooglik te meitsjen foar jongeren dy't ynteresse hawwe yn in baan op see. Dat makke minister Schultz fan Ynfrastruktuer en Miljeu bekend.

Direkteur Arjen Mintjes fan de Maritieme Academie yn Harns is bliid mei it jild. De seefeartskoalle is oait mei staazjes begûn en dat wurke goed. Jongeren gean op sa'n staazje mei de see op. Sy dogge dat op in opliedingsskip of op in echt frachtskip. Goed 62% kiest dêrnei ek echt foar in nautyske oplieding.

Der is in soad ferlet fan minsken yn de seefeart. It Ryk betellet de helte fan de staazjekosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)