Auto yn de sleat by Nes

28 feb 2012 - 11:08
Foto: Google Streetview

In 31-jierrige frou út Kollum is moandei ferwûne rekke by in ûngelok yn Nes. Op de Dongerawei kaam se mei de auto yn de berm, wêrnei't se de wein net mear ûnder kontrôle hie. De auto kaam uteinlik ta stilstân yn in sleat.

Meiwurkers fan de ambulânse en de brânwacht hawwe de frou út de auto weihelle. Se is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
auto sleat Nes (D.)
(advertinsje)
(advertinsje)