Ferkearshinder op A7 by H'fean
It ferkear hie tongersdeitejûn lêst fan fertraging op de A7 fan It Hearrenfean nei Wolvegea. Ter hichte fan it Abe Lenstrastadion wie krekt foar seis oere in ûngelok bard, dêr't trije auto's mei-inoar yn botsing by kamen. Ien persoan rekke ferwûne en hie lêst fan nekklachten.