Mooglik fergoeding mûzeskea

Mûs © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Boeren yn Fryslân dy't in soad lêst hawwe fan mûzen, kinne mooglik in skeafergoeding krije út it Faunafûns. Dat seit steatssekretaris Dijksma fan Ekonomyske Saken yn antwurd op fragen fan de VVD. Dy woe witte wêrom de steatssekretaris net meiwurket oan in langere termyn foar it ynsiedzjen fan gers.
Boeren yn it suden fan Fryslân hiene dêr om frege, om't it gers folslein fernield wurdt troch in mûzepleach. De skea rint yn 'e miljoenen. It gers kin net brûkt wurde as fretten, dus moat fretten bykocht wurde.
Dijksma jout lykwols oan dat boeren yn earste ynstânsje sels ferantwurdlik binne om de skea safolle mooglik tsjin te gean. Hawwe se dochs skea, dan kin it Faunafûns mooglik noch in fergoeding jaan.