Gordykster swier ferwûne

30 okt 2014 - 14:01
Plysje - Foto: ANP XTRA

In automobilist út De Gordyk is tongersdeitemoarn swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Riete by Elslo. Nei alle gedachten ferliende it slachtoffer gjin foarrang oan in frachtwein. By de botsing waard de man út syn auto slingere. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)