Kâns op oername Oenema

30 okt 2014 - 13:50

In grut part fan de 93 meiwurkers fan it fallite taksybedriuw Oenema kin oan de slach by in oernamekandidaat. Dat tinkt kurator Robert Verdonk. Hy hat tongersdei petearen mei in serieuze partij út Fryslân.

Oenema waard op eigen fersyk fallyt ferklearre. It bedriuw hat it al in skoft finansjeel dreech. It konflikt oer in betelling fan in heal miljoen euro troch soarchynstelling Alliade wie de drip. Neffens Verdonk is de taksywrâld hurd dwaande himsels fan kant te meitsjen.

De konkurrinsje is bikkelhurd wêrtroch't de marzjes lyts binne en der somtiden sels jild by moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)