Gifmoardsaak: IM oan it wurd

30 okt 2014 - 12:02

Offisier fan Justysje Henk Mous is om goed healwei tolven begûn mei it rekwisitoar yn de gifmoardsaak. Hy seit dêryn dat it dreech foar te stellen is dat in sêfte, leauwige frou mandelich is oan de dea fan twa echtgenoaten. It kin yn teory ek tafal wêze, dat in frou twa echtgenoaten yn fergelykbere omstannichheden ferliest.

Mar de plysje hat hjir neffens him goed nei sjoen. By it ûndersyk is hieltyd sjoen nei oare mooglike deadsoarsaken, mar dy wiene der net.

Ek is dúdlik dat de hantekening op de libbensfersekering dy't flak foar de dea fan har man út Frjentsjer ôfsletten is, ferfalske is. It ûntbrekken fan in deadsoarsaak stiet neffens Mous in feroardieling foar moard net yn it paad. De ferwachting is dat nei ien oere de eask bekend makke wurdt. Terjochte stiet in 52-jierrige frou út Boxmeer.

Ferslachjouwer Onno Falkena docht ferslach fan de saak op Twitter:

Wat wurdt der Twittere?

(advertinsje)
(advertinsje)