Mei 120 oer Grinzerstrjitwei

30 okt 2014 - 11:37
Foto: Omrop Fryslân

In 26-jierrige automobilist út Ljouwert is woansdeitejûn oanhâlden nei't er mei 120 kilometer yn de oere oer de Grinzerstrjitwei yn syn wenplak ried. De maksimumsnelheid op dat plak is 70 kilometer.

It die bliken dat de bestjoerder gjin rydbewiis hat. Hy hat foar beide fergripen in proses-ferbaal krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)