Auto-ynbrekker Drachten pakt

Auto-ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje yn Drachten hat woansdeitejûn in 45-jierrige ynbrekker út Haulerwyk oanhâlden. De plysjes trappearren de man op 'e die yn de Michaelsberg. De man hie it rút fan in auto ynslein en der in radio, klean en in pûdsje mei drop út helle. De man woe útnaaie mei syn auto, mar waard troch de plysje oanhâlden.
It stellen guod lei yn syn auto. De man sit fêst, syn auto en it stellen guod binne yn beslach naam.