Man (48) mishannelet buorfrou

30 okt 2014 - 10:17

In 48-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei oanhâlden foar it mishanneljen fan syn buorfrou. De man hie ynbrutsen yn de wenning fan de frou oan De Gealannen. Hy kaam binnen troch in rút en in doar te fernielen. Nei de mishanneling naaide hy út. De plysje trof de man letter yn in parkje yn de buert oan.

Hy is meinaam nei it plysjeburo. Wêrom de man syn buorfrou slein hat, is noch net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)