Zwart topscorer by EK-winst

Erwin Zwart (argyffoto) © awfoto.nl
It Nederlânske kuorbalteam hat him woansdeitejûn op oertsjûgjende wize pleatst foar de heale finales fan it EK yn Portugal. De ploech wûn mei 45-12 fan Hongarije. Topscorer wie Erwin Zwart fan LDODK mei 7 doelpunten. Freed is de heale finale tsjin de winner fan it duel tusken Ruslân en Portugal. Nederlân wûn it EK de ôfrûne fjouwer jier en is dan ek de favoryt foar de toernoaiwinst.