Fabryk fan Miedema yn Ruslân

© www.miedema.com
Lanboumasineprodusint Miedema út Winsum set in fabryk del yn Ruslân. Miedema docht dat tegearre mei twa oare bedriuwen út Nederlân en België. Ruslân is it lân dêr't Miedema de measte lanboumasines oan ferkeapet. Troch in fabryk yn it lân sels del te setten kin in soad besparre wurde.
Mei-inoar ynfestearje de bedriuwen sa'n 5 miljoen yn it Russyske bedriuw. De bedoeling is dat it fabryk op 1 maaie klear is.