Cambuur troch yn bekertoernoai

SC Cambuur hat woansdeitejûn yn de striid om de KNVB beker mei in soad muoite wûn fan de amateurs fan Scheveningen. De Ljouwerters hienen in ferlinging nedich om mei 2-0 te winnen. Topklasser Scheveningen stie doe al mei tsien man troch in reade kaart foar Schwiebbe. Ogbeche skoarde yn de blessueretiid fan de earste helte fan de ferlinging de 1-0, Bob Schepers makke der yn de ekstra tiid fan de ferlinging 2-0 fan.
Scheveningen skoarde al yn de earste helte fan de reguliere spyltiid, mar dizze goal waard om in ûndúdlike reden ôfkeurd.
Cambuur stiet troch de winst yn de achtste finales fan de KNVB Beker.