Skoalle net yn hannen âlden

Doarpsskoalle "Mids de Marren" fan De Gaastmar kin net rêden wurde fia de Nationale Coöperatie Kleine Scholen. Neffens de wet kin dat net seit it Nederlands Centrum voor Onderwijsrecht. It advys is stjoerd nei steatssekretaris Dekker fan ûnderwiis.
Alderferienings yn krimpgebieten wolle de lêste skoalle yn it doarp rêde troch dy sels te bestjoeren. Neffens it NCOR kin in skoalbestjoer net twongen wurde in doarpsskoalle oer te dragen oan âlden. Se soene ek finansjeel net selstannich bestean bliuwe kinne.