Fuotbalfans meie trochelkoar

29 okt 2014 - 16:11
Foto: Omrop Fryslân

By de wedstriid tusken FC Twente en SC Hearrenfean fan kommende snein sil der gjin skiedingswand tusken de beide supportersgroepen sitte. Normaal sit der altyd in wand tusken de út- en thússupporters. Foar dizze wedstriid jildt in leech feiligheidsrisiko en dêrom sil FC Twente de wand fuorthelje. De klup wol hjirmei de wedstriid sa publyksfreonlik mooglik meitsje.

(advertinsje)
(advertinsje)