Frou (83) thús oerfallen

28 feb 2012 - 10:01

De plysje siket minsken dy't mear witte oer de oerfal op in 83-jierrige frou yn Beetstersweach. Twa manlju giene moandeitenacht har hûs oan de Lycklama à Nijeholtleane yn en bûnen de bewenster fêst. Dêrnei naaiden se út, nei alle gedachten omdat se steurd waarden.

De plysje hat mei speurhûnen nei de oerfallers socht, mar om 'e nocht. Dêrom wurde no tsjûgen socht dy't mear witte fan de oerfal. Dêrby waard neat meinaam. De frou is bot skrokken, mar rekke fierder net ferwûne.

Trefwurden: 
Beetstersweach oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)