Rekreaasje snapt mûneplan net

29 okt 2014 - 12:44

Rekreaasje-ûndernimmers oan de Iselmar begripe net hoe't de provinsje kieze kin foar 350 megawatt oan nije wynmûnen yn de Iselmar. By de Holle Poarte yn Makkum fine se it ynstellen fan in fûns in iepen doar. Sa'n fûns is bedoeld om minsken oan de Iselmarkust meiprofitearje te litten fan de wynmûnen.

Fertsjintwurdiger Jan Heybroek fan de Holle Poarte wol no earst fia de provinsjale polityk besykje de plannen te kearen. As dat neat opsmyt sykje se de lanlike polityk op wêrnei't in juridyske striid folgje kin.

Projektlieder Anne de Groot fan it wynpark yn de Iselmar is bliid mei it beslút. Hy wol mei de streek om tafel, mar ferwachtet wol in soad beswieren. De Groot hopet de wynmûnen yn 2018 of 2019 oan te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)