Bedriuwen betelje mei oan slûs

Fjouwer Fryske bedriuwen wolle meibetelje oan ferbreding fan de slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. It giet om Keninklike De Vries Feadship yn Makkum, Damen Shiprepair yn Harns, VEKA yn De Lemmer en Barkmeijer yn Strobos. Bûten Fryslân betelje bedriuwen út Urk, Kampen, Dronten en Vollenhoven mei.
De provinsje en it bedriuwslibben roppe al lange tiid dat de slûs ferbrede wurde moat nei 42 meter. Dan kinne skipswerven bygelyks gruttere jachten bouwe. Dy moatte no noch fia de Iselmar en troch Amsterdam om de iepen see berikke te kinnen.
It ministearje is akkoart mei de ferbreding, mar hat altyd sein dat regionale oerheden en bedriuwen meibetelje moatte. De kosten foar de slûs wurde rûsd op 70 miljoen euro.