SW-Fryslân swier teloarsteld

De gemeente Súdwest-Fryslânis swier teloarsteld yn it plan fan Deputearre Steaten om hast alle nije wynmûnen yn ús provinsje yn dy gemeente del te setten. Sawol gemeenteried as kolleezje hawwe harren al yn in betiid stadium tsjin de plannen op de Iselmar keard. Der mochten wol nije wynmûnen komme, mar dan allinnich by de Ofslútdyk en op in rigel. It beslút is hiel oars.
Neffens wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân is de ried unanym tsjin it plan en sil de gemeente der alles oan dwaan om it te kearen.