Automobilisten ride troch read
It ferkearsteam fan de plysje hat tiisdeitemiddei by in kontrôle op de krusing by Quatrebras acht automobilisten bekeurd foar it riden troch read ljocht. Tiisdeitejûn hat in motorrider fan it team in automobilist út Ljouwert oanhâlden. De man moast noch 2350 euro oan boetes betelje. De Ljouwerter hat betelle.