Negatyf advys skoalkorporaasje

28 okt 2014 - 20:55

It rêden fan doarpsskoallen fia de Nationale Coöperatie Kleine Scholen kin net neffens de wet. Dat seit it Nederlands Centrum voor Onderwijsrecht (NCOR) nei ûndersyk. It advys is stjoerd nei steatssekretaris Dekker fan ûnderwiis. Hy hie om it ûndersyk frege. Alderferienings yn krimpgebieten wolle de lêste skoalle yn harren doarp rêde troch dy sels te bestjoeren.

Ien fan dy skoallen is kristlike basisskoalle Mids de Marren fan De Gaastmar.

Neffens it NCOR kin in skoalbestjoer net twongen wurde in doarpsskoalle oer te dragen oan âlden, sa as de âlderferienings dat wolle. Ek soene se finansjeel net selsstannich bestean bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)