Fluch beslute oer Tall Ships

As Harns yn 2018 de Tall Ships wer yn de haven ha wol, dan moat de gemeenteried op 4 novimber it griene ljocht jaan. Tiid om der langer oer te praten is der net. It draait om de gemeentlike bydrage yn de kosten. Dat wie dit jier 8 ton en dat fine meardere riedsleden oan de hege kant. De organisator fan de race, de STI, Sail Training International, wol yn 2018 graach weromkomme yn Harns.
De kânshawwers wurde op 13 novimber yn Spanje al bekend makke en dat betsjut dat Harns fluch út de ried moat. it bidboek moat dan op 7 novimber klear wêze.