Alle wynmûnen yn SW-Fryslân

Alle wynmûnen komme yn Súdwest-Fryslân te stean. De measte komme yn de Iselmar (350 MegaWatt) en de oaren oan de Ofslútdyk (36 MegaWatt). It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dit tiisdei bekendmakke. De trije koalysjepartijen, PvdA, CDA en FNP steane achter it plan. Hjirmei slút DS oan by de grute fariant fan it Wynpark Fryslân yn de Iselmar.
Op it lân betsjut dit dat it park Hiddum Hou folle grutter wurdt. It bedriuweterrein by It Hearrenfean is oanwiisd as reservelokaasje.
It kolleezje wol safolle mooglik âlde mûnen sanearje en finansjele dielname fan boargers stypje. Dat wurdt noch neier útwurkje. Mei dit beslút foldocht de provinsje oan de opjefte om 530,5 MegaWatt oan wynenerzje te realisearjen.