Nij tsiispakhús Gerkeskleaster

28 okt 2014 - 15:50

FrieslandCampina bout yn Gerkeskleaster in nij tsiispakhús. It pikellokaal wurdt ek opnij boud. Troch de swiere brân ein july is it tsiispakhús fan it fabryk en in part fan it pikellokaal ferlern gien. It giet om in ynvestearring fan 30 miljoen euro.

Yn it nije pakhús kin 2100 ton tsiis opslein wurde. Der komt in ekspedysjeromte en lijnen dêr't de tsiis behannele wurdt. Alles moat takom jier novimber klear wêze. De tsiisproduksje sil dan wer op it âlde nivo fan foar de brân lizze, sa'n 5.000 ton tsiis yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)