Moaiste stik Tresoar yn finale

Tresoar hat opnij de finale helle fan de ferkiezing 'Stuk van het Jaar'. Mei dizze aksje wolle de argiven lanlik mear bekendheid krije by it grutte publyk. Tresoar hat in leafdesbrief ynstjoerd. It giet om in brief dy't in Fryske militêr fan it front oan syn grutte leafde skriuwt. Oan de ferkiezing dogge 49 argiven mei. It is foar de twadde kear dat Tresoar no by de bêste trije sit.