Tsjin droechlizzing wedstriid

Der mei gjin bier dronken wurde by de wedstryd Cambuur-Ajax op 9 novimber. Cambuursupporters binne der net bliid mei en ha in brief skreaun nei de gemeente Ljouwert om te freegjen oft de droechlizzing fan tafel kin. De gemeente is mei it beslút kaam, omdat der ferline jier problemen wiene tusken de supporters fan Ajax en Cambuur yn Amsterdam.
Neffens Kees Elzinga, de foarsitter fan de supportersferiening fan Cambuur, hat in droechlizzing gjin inkel doel. "Supporters sille no bûten it stadion yndrinke en dêrmei is de kontrôle fuort."
Cambuur-direkteur Van den Belt hat begryp foar de reaksje fan de supporters. Boargemaster Crone fan Ljouwert seit dat it in ôfspraak is tusken plysje, gemeente, klup en KNVB. Hy stiet wol ta dat der fuort nei de wedstriid wer skonken wurde mei.