Nasjonale Parken te ûnbekend

28 okt 2014 - 12:07

De Nasjonale Parken yn Nederlân foldogge net. Se binne te lyts en net bekend by toeristen. De Twadde Keamerfraksjes fan de PvdA en D66 sille tiisdei in ferbetterplan presintearje yn de Twadde Keamer. De nije parken moatte minimaal 5000 bunder grut wurde en moatte folle mear gearwurkje. Der wurdt tocht oan mienskiplike reklame, de ynrjochting fan it gebiet en it opsetten fan besikerssintra mei aktiviteiten.

Der soe ek in Ried fan Nasjonale Parken komme moatte, dy't de kwaliteit fan de parken yn de gaten hâldt.

Hjirfoar moat jierliks twa miljoen euro beskikber steld wurde troch it ryk.

Trefwurden: 
ryk Nasjonaal Park
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)