Deminte minsken nei Belvédère

28 okt 2014 - 11:37

Museum Belvédère op It Hearrenfean jout tenei rûnliedings foar deminte minsken en harren mantelsoargers. Op 5 novimber is der earst in proef mei ien groep. Yn febrewaris 2015 wol it museum begjinne mei de rûnliedings, dy't 45 minuten duorje.

Neffens it museum hat keunst in positive útwurking op deminte minsken. It museum wurket gear mei soarchynstellings op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)