Autoskea Fryslân is oernommen

28 okt 2014 - 10:35
Autoskea - Foto: Anton Kappers

Autoskeaherstelbedriuw Hette de Vries hat Autoskea Fryslân út Burgum oernaam. Autoskea Fryslân wie ûnderdiel fan it fallyte Engelsma en Wijnia út Ljouwert. De Vries hat trije fan de fiif meiwurkers mei oernaam.

De twa oare meiwurkers hawwe oar wurk fûn. Neffens De Vries bliuwt de namme Autoskea Fryslân bestean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)