Dronken man mishannelet jonge
In 15-jierrige jonge út Snits is moandeitemiddei mishannele troch in dronken plakgenoat fan 21 jier. De mishanneling fûn plak op de Prins Hendrikkade. Der wie neffens it slachtoffer gjin oanlieding foar. De plysje koe de fertochte gau nei de mishanneling oanhâlde. Hy is nei ferhoar wer frijlitten, justysje sil bepale welke straf de man krijt.