Rolstoeler fêst yn buske

© ANP XTRA
By in ûngelok tusken in auto en in buske op de krusing fan de Venekoterwei mei de N381 by Easterwâlde kaam moandeitejûn in man yn in rolstoel fêst te sitten. Troch de botsing kaam de achterklep fan it buske fêst te sitten en koe it slachtoffer yn de rolstoel der net útkomme.
De brânwacht wist de man út it buske te krijen. Der rekke net ien ferwûne. De beide auto's binne fuortsleept.