SWF: Wynmûnen oan de Ofslútdyk

27 okt 2014 - 21:53

De provinsje moat kieze foar wynmûnen by de Ofslútdyk lâns en net foar in wynmûnepark yn de Iselmar. Dat is de winsk fan it gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân. Neffens wethâlder Gea Akkerman is it mooglik om allinnich lâns de Ofslútdyk al 240 megwatt oan wynenerzjy op te wekken.

Mei de plannen op de kop fan 'e Ofslútdyk en de besteande mûnen wurdt dan allinnich yn de gemeente Súdwest-Fryslân al 360 megawatt opwekt. Neffens Akkerman is dat mear as genôch. Der is mear draachflak foar de pleatsing fan wynmûnen by de Ofslútdyk as yn de mar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)